Der is grutte publike belangstelling foar it Blauhúster Lokaasje Teater ‘It Deiboek’. Nei’t de ferkeap fan kaarten ein febrewaris los gie, wie al gau dúdlik dat der in fjirde jûn organisearre wurde koe op tongersdei 31 maaie. Ek de ferkeap fan dy kaarten ferrint tige flot. Foarsitter Leo Rijpma: ”de minsken reagearre allegear o sa entûsjast, se kinne hast net wachtsje, it wurdt ien grutte reuny”.
‘It Deiboek’ is in humoristysk stik oer it libben en wolwêzen fan de roomske enklave Blauhûs yn jierren ’50 -’70 fan de foarige ieu. De skriuwer fan it stik, de Blauhúster Hartman Witteveen, hie al lang it idee om fan de populêre KRO TV searje ‘Dagboek van een Herdershond’ in Blauhúster fariant te meitsjen. Ferline jier spile ‘Jobbegea’ it orizjinele ‘Dagboek’ as iepenloftspul. Yn Blauhûs giet it oer minsken ‘fan kwizekwânsje’ dy’t hjir wier ea libben, wurken en aktyf wienen foar de tsjerke en de doarpsmienskip.
De haadrol is foar Kapelaan Paulus Verheugd en Gretha, de dochter fan kassier Jap Galama, de frou wêr de kapelaan fereale op rekket. Njonken Pastoar Wirtz en syn húshâldster, komme Master van der Loos, bakker Obe Popma en koster Yde Bleeker wer ta libben. Krekt as pleatslike pommeranten en doarpswizen Frans Ettema, Johannes Ydema en Tjitte de Wolff dy’t lang as fergaderboeren de skepter oer Blauhûs swaaiden. Ald kassier Jap ‘bank’ Galama en boer Durk Ludema sjogge harren sels op de planken ferskinen. Ek de legindaryske âld ynwenner fan Greonterp, folksskriuwer Gerard (doe noch) van het Reve, ûntbrekt net yn dit stik. Guon sênes wurde ôfwiksele mei filmkes fan brike kaprioalen fan de kapelaan.
Regisseur Karin Idzenga oer ‘It Deiboek’ en de spilers: “Ik genietsje folop fan it entûsjasme fan de spilers, se binne posityf en o sa gedreven. It Deiboek is in stik mei oan de iene kant hearlike droege roomske humor en oan de oare kant de ferbeane gefoelens tusken man en frou, wêr de Kapelaan mei wrakselt. De Blauhúster tsjerke en pastorijtún binne de meast prachtige lokaasjes om dit stik te spyljen en foarmje sûnder yngrepen in unyk dekôr. Al mei al jout It Deiboek it in goed byld fan it doarpslibben en de rike roomske histoarje yn de jierren ’50 – ’70. In hearlike útdaging”.
Foarsitter Leo Rijpma: “It idee om It Deiboek op de planken te bringen is yn koarte tiid realisearre. We binne mei namme o sa ferrast troch de spontane meiwurking fan spilers, koaren, fanfare, jongerein en de grutte groep frijwilligers. Dit is Blauhûs op syn best!”
‘It Deiboek’ docht mei oan de Gouden Gurbe en wurdt – ein maaie, begjin juny – fjouwer kear spile yn de pastorijtún en de Sint Vitustsjerke fan Blauhûs.
Folgje ús fia dizze website of Twitter @DeiboekBlauhus
Oant sjen,
Lokaasje Teater Blauhûs
Beste minsken,
Oer 9 wike is it sa fier, de premjêre fan ‘It Deiboek’! De spilers, de regisseur en in grutte groep meiwurkers fan sjongers oant sjouwers en fan kleanploech oant kloklieders sille foar jo yn ‘t spier. De publike belangstelling is grut, hiel grut. It Deiboek sil mar leafst 4x opfierd wurde. Dêrom kinne we noch wol wat help brûke. Hjir is de lêste stân fan saken.
Sjoch op www.dekaartjes.nl
Tongersdei 29 maart 20.00 oere komme alle frijwilligers byinoar op de Pastorij. Ek nije frijwilligers binne wolkom! Taken: klean, bar, opbouwe, yntree, ehbo, parkeare en noch folle mear taken. Meld dy oan fia deiboek@hotmail.com
Folgje ús fia dizze website of Twitter @DeiboekBlauhus
Oant sjen,
Lokaasje Teater Blauhûs
Alle 300 sitplakken foar de freed en sneon wienen rap útferkocht. Dêrom is besluten de tribune alle jûnen 50 sitplakken grutter te meitsjen én tongersdei 31 maaie ekstra te spyljen.
Ferkeap ekstra kaarten
- Woansdei 30 maaie
Ferkeap kaarten ekstra jûn nó al beskikber
- Tongersdei 31 maaie
Kaartferkeap wurket sa:
- Gean nei: www.dekaartjes.nl
- Kies de spyldatum en it tal kaartsjes
- De kaartsjes komme fia de e-mail nei jo ta
- De print fan dizze e-mail is jo tagongsbewiis en is allinnich jildich op de troch jo keazen datum
- Op it kaartsje stiet in unyk nûmer foar kontrôle by de yntree
- Beteljen giet automatysk
En fierder
- Der is gjin losse ferkeap fan kaartsjes
- At jo gjin ynternet hawwe, freegje dan in goefreon of famylje.
- Sadree it maksimaal tal sitplakken berikt is stoppet de ferkeap automatysk foar dy jûn.
Folgje ús fia dizze site of Twitter @DeiboekBlauhus
Oant sjen,
‘Lokaasje Teater Blauhûs’
06-03-2012
04-03-2012
Der binne noch wol kaarten foar de Premjêre fan woansdei 30 maaie
Sadree der oanlieding is om in ekstra jûn te plannen, wurdt dat publisearre op:
www.dekaartjes.nl
as op de blauhúster site wer je no op sitte.
Bestjoer Stifting Lokaasje Teater Blauhûs
deiboek@hotmail.com
‘It Deiboek’ is in humoristysk stik oer it libben en wolwêzen yn de roomske plattelânsk Sint Vitus parochy fan Blauhûs.
It ferhaal
It is begjin sechtiger jierren, de tiid dat doarpspommeranten sa as de dokter, notaris, skoalmaster,
kassier, heareboer en de pastoar de septer swaaie op it plattelân. It is ek de tiid fan feroaringen, mei
namme yn de húshâldingen, mei de komst fan de waskmasine en de televyzje. En de tiid dat ‘de
gewoane man’ in auto oanskaft; it is ek de tiid fan The Beatles, de Pil, spikerpakken en lang hier.
De wrâld feroaret hurd en Blauhûs feroaret stadichoan mei. Yn buordoarp Greonterp festicht him
folksskriuwer Gerard van het Reve dy’t stamgast wurdt yn doarpskafee de Freonskip fan Blauhûs.
Ek yn ‘e tsjerke feroaret it ien en oar yn rap tempo; it Latyn makket plak foar de eigen taal en der
komme tsjinsten mei Beatmuzyk. Minsken fiele harren frijer, tradysjes ferdwine. Kapelaan Paulus
Verheugd hat it der mar drok mei en wurdt ek nochris fereale op de dochter fan de kassier. It
Tsjerkebestjoer sit him al gau op e hûd. Wat is sterker, syn belofte of de leafde?
‘It Deiboek’ wurdt yn trije bedriuwen op twa lokaasjes spile. Guon sênes wurde ôfwiksele mei filmkes
fan brike kaprioalen fan de kapelaan. Sa sjogge jo de kapelaan yn in roeiboat op de Sylroede, yn de
sweef mei de Merke en as foarbringer fan Fryske hynders mei de Blauhúster Fokdei.
De unike lokaasje
De monumintale Blauhúster Sint Vitustsjerke spilet in wichtige rol. It earste en tredde bedriuw wurde
yn de pastorijtún opfierd mei tsjerke en pastorij as dekôr. It twadde bedriuw wurdt ýn de tsjerke spile.
Kapelaan Paulus Verheugd krijt les fan syn learmaster Wirtz; tegearre fiere se in saneamde ‘houten
misse’ op, wat komyske tafrielen oplevert.
De kaprioalen fan de Kapelaan jouwe al gau argewaasje yn it Tsjerkebestjoer, dat foarme wurdt troch
doarpspommeranten as Frans Ettema, Jehannes Ydema, Jap ‘Bank’ Galama, Tjitte de Wolff en Durk
Ludema.
De rolferdieling en spilers
Kapelaan Paulus Verheugd wurdt spile troch Sjoerd Huitema, Berber Witteveen spilet Gretha Galama
de frou fan syn dreamen. Stefen de Winter hat de rol fan wize Ingelbewarder.
Joop Witteveen is Pastoar Wirtz, Elly Attema is húshâldster Catrien, Thea de Boer de freondinne fan
Catrien. Taeke Kuipers spilet Master van der Loos, Gerard Popma spilet syn pake Bakker Obe
Popma en Teake Rypma is Koster Yde Bleeker.
It Tsjerkebestjoer wurdt foarme troch Ferdinand Ettema, as syn heit Frans Ettema, Siegfried Altena is
Johannes Ydema, Jelle Rypma spilet Jap ‘bank’ Galama, Wiebe Rypma is Tjitte de Wolf en Bernardus
Ludema spilet syn heit Durk Ludema. En Erik van Helvoort spilet de legindaryske Gerard van het
Reve.
Foar de byrollen en figuranten kin út in grutte pleatslike fiver fiske wurde. Ek de Blauhúster jongerein,
kosters, koaren, Fanfare en de oargelist hawwe in rol yn it stik.
De Regisseur
Regisseur Karin Idzinga oer It Deiboek en de spilers: “Ik genietsje folop fan it entûsjasme fan de
spilers, se binne posityf en o sa gedreven. It Deiboek is in stik mei oan de iene kant hearlike droege
roomske humor en oan de oare kant de gefoelens tusken man en frou, wêr de Kapelaan mei wrakselt.
De Blauhúster tsjerke en pastorijtún binne de meast prachtige lokaasjes om dit stik te spyljen en
foarmje sûnder yngrepen in unyk dekôr. Al mei al jout It Deiboek it in goed byld fan it doarpslibben en
de rike roomske histoarje yn de jierren ’50 – ’70. In hearlike útdaging.
De Skriuwer
Rom 10 jier lyn kaam Hartman Witteveen op it idee in Blauhúster fariant op ‘It Deiboek fan in
Herdershûn’ te skriuwen. Dat is goed slagge. Mei de jierlikse Kabaretjûnen binne al foarpriuwkes
opfierd kombinearre mei komyske bylden, dat foel tige goed yn ‘e smaak by it publyk.
Spyldagen
De spyldagen fan Teater ‘It Deiboek’ binne: woansdei 30 maaie, freed 1 juny en sneon 2 juny 2012.
Kaartferkeap
De kaartsjes wurde fia in spesjaal ynternet programma ferkocht.
Jo kieze de spyldei, it tal kaarten en betelje automatysk. De kaarten ûntfange jo fia e-mail.
Oant sjen,
‘Lokaasje Teater Blauhûs’
deiboek@hotmail.com
Al dat talint hat ‘m no spontaan oanmelden mei te dwaan oan Teaterstik It Deiboek, dat ein maaie opfierd wurdt yn de Pastorijtún en de Sint Vitustsjerke. It bestjoer fan de nij oprjochte stichting is drok dwaande mei de tariedings.
It moaie is dat alle bestjoersleden fan de Stichting Lokaasje Teater Blauhûs konneksjes hawwe mei oare ferieningen en ynstânsjes yn ús mienskip. Sa sit foarsitter Leo bygelyks ek yn de túnfeestkommisje en hat regele dat de túnfeestploech helpt by it opbouwen. Bestjoerslid Lisa hat in protte erfaring mei toanielspyljen by ‘Wy doarre wer’ en hat sadwaande de tekst fan It Deiboek hielendal bewurke foar de spilers.
At it bestjoer fergadert is de hiele mienskip fertsjinwurdige. Der binne in protte pleatslike frijwilligers en ynstânsjes by It Deiboek belutsen. Parochy, Túnfeest - Kommisje, in grutte groep spilers, koaren, de fanfare, jongerein en in leger frijwilligers sa as de opbouploech.
It Deiboek is in prachtige aktiviteit om mei-inoar de skouders ûnder te setten. Soks fersterket de bân en is sadwaande goed foar de leefberens fan ús Mienskip.
Takom maaitiid wurdt yn Blauhûs in teaterstik opfierd dat, foar elk dy’t wat mei de jierren ’60 hat, in ‘feest fan herkenning’ is.
It stik hat as wurktitel ‘It Deiboek’ en fertelt it ferhaal fan Paulus Verheugd dy’t oansteld is as doarpskapelaan yn de Blauhúster plattelânsparochy fan Pastoar Wirtz.
It is begjin sechtiger jierren, de tiid dat doarpspommeranten sa as de dokter, notaris, skoalmaster, kassier, heareboer en de pastoar de septer swaaiden op it plattelân. It is ek de tiid fan feroaringen, mei namme yn de húshâldingen, mei
de komst fan de waskmasine en de televyzje. En de tiid dat ‘de gewoane man’ in auto oanskaft; it is ek de tiid fan The Beatles, de Pil, spikerpakken en lang hier.
De wrâld feroaret hurd en Blauhûs feroaret stadichoan mei. Yn buordoarp Greonterp festicht him folksskriuwer Gerard van het Reve dy’t stamgast wurdt yn doarpskafee de Freonskip fan Blauhûs.
Ek yn ‘e tsjerke feroaret it ien en oar yn rap tempo; it Latyn makket plak foar de eigen taal en der komme tsjinsten mei Beatmuzyk. Minsken fiele harren frijer, tradysjes ferdwine. Kapelaan Verheugd makket it allegear mei, hoe slacht hy him hjir trochhinne?
‘It Deiboek’ sil yn trije bedriuwen op twa lokaasjes spile wurde. De sênes wurde sa no en dan ôfwiksele mei earder opnommen bylden. Sa sjocht it publyk de kapelaan yn in roeiboat op de Sylroede, yn de sweef mei de Merke en as foarbringer fan Fryske hynders op de Fokdei.
De monumintale Blauhúster Sint Vitustsjerke spilet in wichtige rol. It earste en tredde bedriuw wurde yn de pastorijtún opfierd wêr tsjerke mei pastorij as dekôr tsjinje. It twadde bedriuw sil ýn de tsjerke spile wurde. Kapelaan Paulus Verheugd krijt hjir les fan syn learmaster Wirtz; tegearre fiere se in saneamde ‘houten misse’ op, wat komyske tafrielen oplevert.
Mei namme pleatslike toanielspilers nimme de haadrollen op har. Foar de byrollen en figuranten kin út in grutte pleatslike fiver fiske wurde. De Blauhúster jongerein, koaren, Fanfare en de oargelist wurde frege om mei te dwaan.
Rom 10 jier lyn kaam auteur Hartman Witteveen op it idee in Blauhúster fariant op ‘It Deiboek fan in Herdershûn’ te skriuwen. Mei de pleatslike Kabaretjûnen binne foarpriuwkes opfierd, doe ek kombinearre mei bylden en foel tige yn ‘e smaak by it publyk.
De, spesjaal foar dit projekt oprjochte, Stichting Lokaasje Teater Blauhûs is drok dwaande mei de tariedings en is der fan oertsjûge dat it ek echt in ‘feest fan herkenning’ wurdt.
‘It Deiboek’ sil op syn minst trije kear opfierd wurde tusken 28 maaie en 3 juny 2012. By de planning is rekken hâlden mei Pinkster, oare aktiviteiten yn 'e provinsje, EK fuotbal en túnfeest.
Hartman Witteveen (auteur), Leo Rijpma (foarsitter), Monique Witteveen (skriuwster), Tonny Hobma (ponghâlder), pastor Arjen Jellema, Lisa Brandsma en Sicco Rypma (PR).