UTNOEGING
Jiergearkomste Doarpsbelang Blauhús
Sneon 27 maart 2010 om 20.00 oere yn “de Freonskip”
Agenda
- 19.45 oere ûntfangst mei kofje / tee
- Wolkom troch de foarsitter
- Ferslach jiergearkomste 2009 (sjoch:
Ferslag jiergearkomste 2009)
- Ferslach 2009 Ponghâlder
- Kaskommisje
- Ferslach 2009 Skriuwer
- Plannen en aktiviteiten:
- Rinnende saken doarpsbelang
- Doarpsfisitaasje
- Stân fan saken ferkearswurkgroep / iepenbier ferfier
- Stân fan saken kanowurkgroep (Sake)
- Teatskehús Nijs
- Simmer aktiviteiten
- Bestjoersferkiezing; Tryntsje Postma is ôftredend en net ferkiesber
- We ha Agnes Overwyk ree fûn har kandidaat te stellen
- Eventuele tsjinkandidaten kinne harren oant 26 maart melde by Jelly Souverein
- Omfreegjen
Nei de gearkomste
Info Weryndieling Súdwest Fryslân (Boargemaster Reitsma sil útlis jaan)
Skoft
Diskusje
Nei de diskusje ha we de Gerben Rypma stichting útnoege omt se alwer 10
jier bestean. Sy sille der oer fertelle dizze jûn.
Oant Sjen
It Bestjoer