Fytsen wer út it fet foar Omloop Blauhûs

Blauhûs. Sneon 29 maaie sil jûns 7 oere de 3e Omloop fan Blauhûs hurdfytst wurde. Der binne rom hûndert dielnimmers foar de A en B klasse. Se komme fan hein fier, dan Nijlân oant Nunspeet en fan Warkum oant Wildervank.

Dielnimmer Harry Sweering fan Snits is entûsjast oer it parkoers fan Blauhûs oer Wolsum, Abbegea en Westhim. ‘Het is een mooie omloop dat ik al van jeugds af fiets’.
Winner fan 2009 Arjen Bos fan Easterein seit oer de Omloop: ‘prachtig evenement, en ik zou er graag weer een tijdrit aan verbinden, of een andere discipline, een meerdaagse of eendaagse met meerdere evenementen, dat is dan uniek in Friesland. In Noord Holland is dat een zeer populair item, met veel deelnemers’.

It evenemint begjint mei it optreden fan in groep fan sa’n tritich skoalbern dy’t harren keunstkes op saneamde ‘eenwielers’ sjen lit.De start en de priisútrikking binne sneon yn hannen fan CDA ’er en hurdfyts - promotor Joop Atsma, assistearre troch rondemiss en Blauhúster Karnaval Page Piety Reitsma.

Organisator Evert Zijlstra is ferantwurdlik foar de frijwilligers dy’t it ferkear regelje: ‘Tanksei de ynset fan in grutte groep frijwilligers kin it allegear flot ferrinne en is de Blauhúster Omloop feilich foar de dielnimmers’.
Organisator en dielnimmer Koos Rijpma: ‘Yn it winterskoft bliuwe fytsers yn kondysje op Thialf, mar sa gau de dagen lingje wurdt de fyts wer út it fet helle’.
Rein Brandsma docht streekrjocht ferslach fan de Omloop. Hy oersjocht in grut part fan it parkoers út de spits fan de Blauhúster Sint Vitustsjerke wei.
Elkenien is sneon fan herte wolkom dit evenemint oan de rûte of fanôf it terras fan kafee de Freonskip te folgjen. At de fytsers efkes net yn byld binne kin der dielnommen wurde oan in lotterij mei moaie prizen. It evenemint wurdt mei mooglik makke troch de leden fan de pleatslike bedriuweferiening en oare sponsers.