Earst waard der mei man en macht, of better sein: mei bern en âlders, de skouders setten ûnder in keunstprojekt op skoalle, om dêrnei mei fleur en wille ôf te sluten mei de keunstmerk en feiling foar WytRuslân.
It projekt libbe osa, omdat Johannes Popma de bern fan alles oer Wyt Ruslân ferteld hie en ek dia’s sjen litten hat. En as je in oantal fan de minsken dy’t der hinne gean kinne fljocht elk noch krekt even hurder. Yn ús gefal wiene dat Bonne en Jantsje Flapper, troch de bern betitele as “pake en beppe fan …” en
Johannes en Gerard Popma.
Fansels wurke it waar op freed 29 april tige mei en makke it draaioargeltsje it ek osa gesellich.
De bern lieten mei de merk goed blike hoe entûsjast se wiene oer har eigen wurk en hoe graach se woene dat der jild foar Wyt Ruslân opbrocht waard. De spilers fan “koperkabaal” makken in moai stikje muzyk en der waard in Russyske dûns dien. Der koe rieden wurde hoefolle meter as in oantal bern fan groep 1 en 2 meielkoar fingerbreide hiene en wa’t it tichste bij kaam, wûn in skilderij makke troch de bern. As ôfluter en klapstik wie der de feiling wêr’t fol faasje bean waard op it bernewurk.
De Mondriaans fan de jongste bern waarden goed ferkocht, de mozaïek-blompot fan groep 5 en 6 brocht mar leafst 33 euro op, de pallets mei beskildere Scherjon-klompen fan groep 3 en 4 waard royaal op bean en de
Herman Brood wurken fan groep 7 en 8 fleagen ek fuort. Elk feilingstik brocht tusken de 15 en 30 euro op, en alles meielkoar kaam de opbringst fan de merk en feiling op rom 570 euro!
Mei de frijmerk op tritich april ferkocht de âlderferiening kofje en gebak op it skoalplein, ek dizze opbringst wie foar de frijwilligers dy’t nei Wyt Ruslân sille.
Jûns spile it krieltoaniel foar in folle seal, de ymprovisaasjefoarstelling: DRwasRus.
Foar it skoft hiene sij wat sketskes dy ûntstien (of flak foartiid krekt betocht) wiene op basis fan ymprovisaasje. As gastspilers en muzikanten hiene Wyt Ruslân-frijwilligers Johannes Popma en Allard Ketelaar in rol. Yn it skoft koene minsken blommen en spûnzen keapje, om bij it teatersportbarren, dat nei it skoft wie, mei goaie te kinnen. Alle blommen en spûnzen wiene gau útferkocht. Mei de wiete spûnzen waard royaal goaid en elk dy’t it skande fûn om mei de blommen te goaien, die se yn it taske en naam se mei nei hús. Sa hie elk der op syn eigen wize wille fan!
De sirkels fan Kandinsky, makke troch groep 1 en 2, beskikber steld troch de winner, waard bij opbod ferkocht en sa brocht ek dizze jûn wer moai wat op foar de frijwilligers. (195 euro!)
Mei bewûndering foar de kreativiteit en it ad rem spyljen fan de jongerein fan it krieltoaniel waard dizze jûn ôfsluten.
Ek omdat elk dy’t him der foar ynsetten hat, de ûnkosten foar eigen rekken naam, kinne we werom sjen op in tige slagge aksje. Alles meielkoar kaam de opbringst op in lytse 830 euro. Geweldich! De organisaasje wol elk dy’t dêroan bijdroegen hat betankje!
Sjoch hjir foar in fotoferslach