Wielerronde Blauhús útsteld

Troch wurksemheden oan brege Fiifhús gie de omloop net troch. Snein 11 September 15.45 oere wurd der no op de kalender set.

It is no yn gearwurking mei Aldemarrum, yn it selde wykein meitsje we der in 2-daagse fan. Wykein Oudemirdum-Blauhús wer de dielnimmers beide dagen fytse om de wikselbeker. Fansels binne der ek dei priizen foar de A- en de B-renners. Foar fytsers is dit uniek en dogge se dit faaks yn Noord-Holland, mar wy helje it no nei Fryslan. Elts doarp regelt hun eigen omloop, mar der binne saken sa as opjaan en priizen wurde troch beide regele yn gearwurking mei WV Snits. Ferkearsregelaars bygelyks komme út eigen doarp (by us meardere doarpen fansels). Wy wolle dan ek in berop op jimme dwaan en sille yn juli de kursus organiseare. Jimme wurde persoanlik freeche dus wy hoopje op jim meiwurking.