Ofrûne sneon 25 jannewaris binne yn De Gaastmar de klupkampioenskippen Frysk Damjen foar jeugd en pupillen spile. Fiif fjouwertallen damden om dizze eer. De Gaastmar , Aldegea en Blauhús makken der in prachtige middei fan. It jeugdteam út Aldegea wie oppermachtig en wûn op ien buord nei al syn partijen.
Bij de pupillen gie Blauhús 1 goed fan start troch Aldegea 2 te ferslaan mar sy koenen dit net trochsette, alle oare fjouwertallen kletsten oer hun hinne. Sa starten de Gaastmar 1 en Aldegea 2 stroef mar die moasten dúdlik efkes waarm draaie die letter wol blyken.
Op it einde fan de middei wiene de kaarten hielendal omdraait, Blauhús 2 die goeie saken en waard bij de pupillen klupkampioen fan 2012, twadde waard Aldegea 2 die krekt twa buordpunten mear hie as de Gaastmar. Blauhús 1 stelde wat teleur en ward lêste.
| Achste finale | útslach | board punten | |
| Blauhús 2 | De Gaastmar 1 | 0,5 - 0,5 | (2 - 2) |
| Blauhús 1 | Aldegea 2 | 1 - 0 | (3 - 1) |
| Aldegea 1 | Blauhús 1 | 1 - 0 | (4 - 0) |
| Aldegea 2 | Blauhús 2 | 0,5 - 0,5 | (2 - 2) |
| De Gaastmar 1 | Aldegea 2 | 0 - 1 | (0 - 4) |
| Blauhús 2 | Aldegea 1 | 0 - 1 | (1 - 3) |
| Blauhús 1 | Blauhús 2 | 0 - 1 | (1 - 3) |
| Aldegea 1 | De Gaastmar 1 | 1 - 0 | (4 - 0) |
| De Gaastmar 1 | Blauhús 1 | 1 - 0 | (3 - 1) |
| Aldegea 2 | Aldegea 1 | 0 - 1 | (0 - 4) |
Kampioen bij de jeugd is ALDEGEA 1: Jurjen de Vries, Lammert Stegenga, Jannie de Vries en Fokke Walinga.
Kampioen bij de pupillen is BLAUHUS 2: Johannes Zijlstra, Bouwe Overwyk, Fardau de Jong en Thea Witteveen.
2: Aldegea 2
3: De Gaastmar 1
4: Blauhús 1