Start KH2018 mei ferhalen


Eartiids wie it de gewoante om no en dan yn it winterskoft bijelkoar te kommen om ferhalen te fertellen en te lústerjen nei wat in oar te fertellen hie.
Dat mn dat yn Blauhús noch net ferleard hat die wol bliken:
Johannes Rypma sr. fertelde oer Roomsk wêze yn en om de tsjerke foar en nei de oarloch. Johannes Rypma jr. fertelde en song oer it ferhaal fan syn maat. Teatske Hobma hie in ferhaal opmakke oer har bisûndere tante út Warkum, Piet Galama hie in wier bard ferhaal oer it graven fan in wetterput, en Akkelien Brandsma lies foar út it boek mei koarte ferhalen fan Jan Bouwhuis.

Sjoen de grutte belangstelling en it feit dat it net foar elkenien in geskikte tiid wie soe it nochris organiseare wurde kinne.

Dit wie in gearwurking tusken de Gerben Rypma stichting'(Sicco Rypma) en de EVA (Holkje Draijer).

Fotoverslag