SAC sportdei 2018


Op snein 14 jannewaris wie de SAC sportdei wer yn Warkum. Helaas wie der wer minder dielname oan de sportdei as ferline jier. Dus at immen suggestjes hat foar de kommende jierren dan hearre wy dat graach! It soe dochs sonde wêze om hielendal op te hâlden mei de sportdei. Fjirder wie it in moaie dei!

FUOTBAL

Troch it ûntbrekken fan de jongste jeugd dit jier, waard der allinne fuotballe op it grutte fjild. De 'beloften' waarden ferdielt yn fjouwer ploechjes fan 3 as 4 en dizze spilen allegearre in kear tsjin en mei elkoar. Ajax (Ditmer Oppedijk, Jurgen Popma en Nynke Brouwer) en Twente (Bauke Rypma, Willem Kroon en Hidde Rypkema) einigen beide op 9 punten. Ajax hie it bettere doelsaldo en wie dertroch de winner.

By de senioaren wiene der krekt as ferline jier fiif ploegen. Der moast dit jier mar leafst 12 minuten fuotballe wurde en dat wie wol dreech foar sommigen. Vitesse (John de Wolff, Patrick Kuipers, Jimte Bootsma, Johan Overwijk en Sybren Heins) wiene de winners mei 10 punten. Twadde waard Heracles (Bernard Kroon, Durk Ludema, Jelke Bootsma, Simme Dooper, Arjen Dooper en Domien Witteveen) mei 6 punten.

FOLJEBAL

Bij de Jeugd wie it in spannende pot. Der wiene 4 teams en elts mocht in kear tsjin elkoar spylje. Ruslân is op it lêste plak einiche, op it tredde plak Italië en as twadde Nederlân.
As earste, dit team hat alles wûn; Frankryk! (Hedwig Witteveen, Hidde Rypkema, Wessel de Wolff, Thea Witteveen, Lútsen Brouwer, Reina Altena en Fenna Abma).

Bij de senioaren is er ek leuk spile mar tsjin it team fan A.N.O. koe gjinien op (Jelke Bootsma, Domien Witteveen, Rowan van der Veer, Durk Ludema, Mariëlle Ykema en Yme Overwijk). Op in dielde twadde plak binne einiche Stânfries en Oeverzwaluwen, as tredde Covos en op in dielde lêste plek binne einiche Punt-út en BEO.
Hoopje dat Punt-út yn de echte kompetysje better prestere sil!

BADMINTON

  1. Richard van der Zee: 10 punten (5 kear wûn)
  2. Simme Dooper: 8 punten (4 kear wûn)
  3. Johannes Popma: 7 punten (3 kear wûn en 1 kear gelyk spile)

De dei is ôfslûten mei in dûk yn it swimbad en fansels in patatsje en drankje nei de tiid!

Eltsenien tige tank foar it meidwaan