4 Maaie


Freed 4 maaie 2018 is der wer Nasjonale Deadebetinking.
Yn Blauhús betinke we dit jier yn it bysûnder:

Siebrigje Catharina (Siepy) Hylkema

* 10-2-1943 † 24-12-1943

1943, it wie oarlochstiid, der hearske diftery. Krekt as ien fan de jonges, waard lytse Siepy ek siik. Op in nacht moast dokter komme, mar troch de oarloch mocht dy fan de besetter nachts net oer de dyk. Siepy is doe stoarn, noch mar 10 moanne âld. Siepy is begroeven op it tsjerkhôf fan Blauhús.
It ferstjerren fan Siepy stiet dit jier 4 maaie symboal foar alle bern dy't troch oarlochs-omstannichheden stoarn binne.
It offisjele programma wurdt rom foar 4 maaie rûnstjoerd.
Jo binne wer fan herte wolkom.

4 Maaie komitee Blauhús,
Willem, Watze, Sicco