Deadebetinking


Op freed 4 maaie 2018 belibben sa'n 140 manlju froulu en bern in yndrukwekkende Deadebetinking.
De stille tocht fan de kom fan it doarp nei it Tsjerkhof, koralen fan de Fanfare, Tine Bonekamp-Hylkema dy't it relaas fertelde fan har 10 moanne âlde suske Siepy.

Grietsje Bloemsma spruts út namme fan Doarpsbelang, krânslizzing gemeente en Teatskehús, fûgels songen it heechste liet, groet fan Feteranen, bern brochten roazen by it grefke fan Siepy, Last Post, twa minuten stilte.

As ôfsluter droegen Jesse en Isa it gedicht 'Sliepferske om wekker te bliuwen' foar, foar harren muoike Siepy.

sliepferske om wekker te bliuwen
(Eppie Dam, foar Siebrichje, op 4 maaie)

suze nane poppe
wa sil dij beroppe
nee dy ôfstân is te fier
no al mear as santich jier

suze nane baby
blanker as in lely
kaamsto op 'e wrâld te sjen
lytse skat fan heit en mem

suze nane berntsje
yn dyn widze-tentsje
diesto sa de eagen ta
do soest noait in dei wer ha

suze nane famke
sjoch ús kerseflamke
sa komt alles tichterbij
en dan tinke wij oan dij

Tank oan elkenien dy't oan de betinking meiwurke hat.
4 Maaie Komitee Blauhús
Watze, Willem en Sicco

Fotoverslag