Slach by Warns


Op 29 septimber 2018 wie doarpsbelang Blauhús útnoege om oanwêzich te wêzen by de betinking fan de Slach by Warns.

http://www.betinking-slachbywarns.frl/index_NL.html

Hjir wurdt mei elk dy't hjir foar fielt of nijsgjirrich nei is, alle jierren stilstien by de striid foar de Fryske taal en kultuer en yn it algemien de striid foar de rjochten fan de minsk oer de hiele wrâld.
Fan't jier wie it sintrale tema: Mienskip. Yn dat kader wiene de doarpen mei klam útnoege, om mei doarpsflagge en fleurich mienskipssin har sjen te litten. Twa doarpen wiene yn it bysûnder útnoege om in fers of liet hearre te litten oer har doarp. Blauhús wie dêr ien fan.
Der wie in prachtich stik muzyk fan de folkband Reizger en deputearre Jehannes Kramer hie in sterk ferhaal oer de miensskipssin fan de Friezen wêr't er elk mei rakke.

Fan ús waard der frege om in koarte ynlieding oer ús doarp en it liet. Fanwege de lingte (6 kûpletten) beheind ta twa kûpletten út it liet, ha we dit hearre litten:

Myn Blauhús

Mank ús moaie Fryske greiden,
oan'e bochtsjende Hemdyk.
Leisto, doarpke fan myn herte,
altyd fredich en allyk.
Mei dyn skerpe toer, dyn tsjerke,
en it nije Teatskehús.
Mei dyn susterkes, sa warber,
Leisto doarpke, myn Blauhús.

Ja, ik wol dy graach besjonge,
mei dyn greiden, fier yn't rûn.
Dêr't de minksen warber binne,
fan'e moarntiid oant de jûn.
Mei dyn skoalle, dy't de grûnslach
foar myn fierder libben lei.
En dyn 'Freonskip', noflik plakje,
nei in bannich drokke dei.

As jim it sjongen hearre wolle:
https://www.youtube.com/watch?v=PRpA1UnxYFg

Fotoverslag