×

Begjin 2023 sportyf: SAC Sportdei!

Begjin 2023 sportyf: SAC Sportdei!

Nei it grutte sukses fan ferline jier, sil yn jannewaris op’e nij de SAC Sportdei yn’e Singel wêze! Dizze stiet plant op sneon 13 jannewaris. De basisskoallebern binne fan 14:00 oere ôf wolkom foar in sportive middei. Heiten en memmen, pakes en beppes, kom te sjen!
Foar elkenien dy’t de basisskoalle ferlitten hat ha we jûns wer in aktyf en gesellich programma opsetten. Dit start fan 19:00 oere ôf yn de foarm fan in mearkamp. Jou jim op per team fan 4 persoanen. Ha jo gjin team, jou jo dan allinnich op, en foarmje wy in team. De jûn wurd ôfsluten mei in priisútrikking, lotterij en fansels in neisit. Binne jo net sa’n sporter; kom dan te sjen!
Opjaan kin fia ûndersteand strookje, fia sacblauwhuis@hotmail.com of in Whatsappke.

 

JOU JIM ÚTERLIK SNEON 30 DESIMBER OP!

Opjêfte SAC  Sportdei sneon 13 jannewaris 2024 yn’e Sportseal De Singel:


23 november, 2023 | 15:10 | Hits: 114

Terug
Logo SAC (Aangepast).jpg