×

Begjin 2023 sportyf: SAC Sportdei!

Begjin 2023 sportyf: SAC Sportdei!

Nei lang wachtsje sil it dizze winter (wer) wêze, sneon 14 jannewaris stiet de Singel yn Blahús yn it teken fan de SCA Sportdei! It is yn in nij jaske stutsen:

 

De basisskoalle-bern binne middeis fanôf 14.00 oere wolkom foar in sportive middei.

Heiten en memmen, pakes en beppes, kom te sjen!

 

Foar eltsenien dy’t de basisskoalle ferlitten hat ha we jûns in aktyf en gesellich programma opsetten. Fanôf 19.15 oere start it programma yn de foarm fan in 6-kamp.

Jou jimme op per team fan 4 personen. Ha jo gjin team, jou jo dan allinich p[, en foarmje wy in team. De jûn wurd ôfslúten mei in priisútriking, lotterij en fansels in neisit.

Binne jo net sa’n sporter; kom dan te sjen!

 

Kosten:

Middeis foar de basisskoallebern € 2,00 per bern, ynklusief ranja en wat lekkers.

Jûns foar de jongerein en folwoeksenen € 10,00 per team.

 

Opjaan kin fia:

  • Mailadres: sacblauwhuis@hotmail.com,
  • Whatsappke nei: 06-29166910 (Jan) of 06-57014942 (Johan) of 06-19661067 (Marrit)
  • Strookje dat oan de utnoeging sit fan it hús-oan-hus briefke; strookje ynleverje op Dykslân 12, Sylroede 13 of Gerben Rypmastrjitte 17
Terug
Logo SAC (Aangepast).jpg