De 13 fan Obbe Sjutsje
Oer de Postma's fan 'e Tempel yn 'e Ryp
Dit stikje hie der net west, as yn it jier 1900 de Kubaarder boer Obbe Postma better harke hie nei de warskôgings fan syn jongere styfneef Sible Andela, dy't yn Utrecht foar dokter learde: trou nét mei Sjutsje Ydema fan Greonterp! Dy soe net goed yn 'e oarder wêze, en dat soe yn 'e famylje sitte. Mar ja, der moast in boerinne op 'e pleats komme, en Obbe hie syn sinnen op Sjutsje set. Soe it net wat tafalle? Wat woe men eins noch mear: Sjutsje wie kreas, krekt wat jonger as hij, en út in rike, roomske boerefamylje. Dêr wienen der safolle net fan. Dat it gong oan.
Doe't de Postma's yn 1916 delstrutsen op 'e Tempel-pleats, fjouwer kilometer ûnder Blauhús oan 'e útein fan de Sânfurdterryp, hienen se al tolve bern. Dêr kaam lytse Obe noch bij, as neikommerke.
Neat te rêden, soe men sizze. Mar sjocht men deselde húshâlding om 1950 hinne wer, dan wurdt dúdlik genôch dat der yn de tuskenlizzende jierren heel wat te rêden west hat op dat achterôfplak bij de Brek: Sjutsje út de tiid, seis fan har acht jonges fier fan hûs yn in 'gesticht' en noch net ien fan de oare bern troud. Soan Harm wie úteinlik de iennichste dy't foar neiteam soargje soe: twa famkes, mar gjin opfolgers op 'e pleats. Nei it hinnegean fan âlde Obbe yn 1961 wie hij de boer op 'e Tempel, oan 1982 ta. Dêrnei buorke syn broer Bonne der noch mei syn susters Gatske en Dreke, oant dy ek te âld waarden en ien foar ien yn it Teatskehûs yn Blauhús belânen. Yn 1994 waard de pleats ferkocht. As lêste fan de trettjin broers en susters stoar yn 2016 lytse Obe. Fan syn 98 libbensjierren hie er hast tachtich sliten yn in psychiatrys sikenhûs om utens. Mei him kaam der in ein oan in oangripende famyljeskiednis fan krekt in ieuw.
De measte âlderen fan Blauhús en omkriten kinne de lêste Postma's noch wol foar de geast krije, en oars wol de ferhalen dy't der omgongen. Oer dy jongens dy't sa goed leare koenen en dan ynienen 'net goed' mear wienen, en mei stiennen nei de stoomtrein smieten. En fansels oer Sjutsje dy't by nacht en ûntiid troch de lannen doarme. Hoe en wat krekt waard men net gewaar.
Boek
Mei de noadige help fan oaren wurkje wij* al in pear jier oan in dokumintêr boek 'De 13 fan Obbe Sjutsje' om dizze bysondere skiednis fêst te lizzen foar safier at dat noch mooglik is. Wij dogge dit oan 'e hân fan famylje-oantinkens, fan petearen mei âldere streekgenoaten dy't de húshâlding kennen ha, fan argyfûndersyk, en fan wat der fierder bewarre bleaun is.
It is de bedoeling dat dit boek yn 'e hjerst fan 2021 ferskynt by útjouwerij DeRyp en presintearre wurdt yn Blauhús.
Oer de ynhâld kinne wij alfêst sizze dat der oer Obbe en Sjutsje en oer elk fan harren trettjin bern in haadstik komt. Oare stikken binne wat algemiener fan aard, oer it libben op 'e Tempel yn de jierren sechtich, oer de roomske kanten dêrfan, oer de gekte, wêr't dy wei kaam en hoe't der tsjinoan sjoen waard, en oer de psychiatry yn de oarlochsjierren. Min of mear los hjirfan stiet in taheakke oer de foarskiednis fan de Tempel-pleats as doperske skûltsjerke.
It is net allegear like moai wat der foarfallen is yn de, sis mar gerêst, dramatyske húshâlding fan de Postma's. Der waard yn dy tiid net folle praten oer guons dy't 'net goed' wienen. Dat wie bij de Postma's net oars. Miskyn hat dat harren libben noch wol swierder makke.
Der giet in boek iepen, dat lang ticht west hat. Ek om rjocht te dwaan oan dizze heit en mem en harren bern. Net allinnich de bern dy't siik waarden, mar ek de fjouwer dy't geastlik wol goed sûn bleaunen en harren eigen wei fine moasten yn wat him dêr allegear ôfspile.
Oprop
Omdat net alles fan de famyljeskiednis like dúdlik is, wolle wij graach witte oft der noch mear minsken binne dy't ús wat fertelle kinne oer de Postma's, al of net fan hearren sizzen, of guon dy't materiaal ha dat foar ús fan belang wêze kin: brieven dêr't ien fan de Postma's yn foarkomt of foto's dêr't se op steane. In inkelde rigel, in datearring of it neamen fan in namme kin ús al fierder helpe. Fansels geane wij fertroulik mei de beane ynformaasje om. Reaksjes wurde bysûnder op priis steld!
Mear op Facebook bij De13OS (Frysk) en De13OS.NL (Nederlâns).
* Wij, dat binne Tilly Postma, Harm syn jongste dochter, en Goaitsen van der Vliet (06 4868 4491, mail goaitsen@home.nl).
Bij de foto
Famyljeportret fan de Postma's achter harren pleats bij gelegenhyd fan de sulveren brulloft fan Obbe en Sjutsje yn de maityd fan 1926. Foaroan fan links nei rjochts: Tsjerkje (23), Obbe Sjoerds Postma (52), Obe (8), Bonne (11), Sjutsje Sjoerds Ydema (50) , Sjoerd (24) en Dreke (12). Achteroan: Jappy (19), Gatske (17), Yeb (21), Súske (14), Rudolf (15), Bertus (20), Harm (22) en Grytsje (13).
Terug