×

Deadebetinking 2023

Deadebetinking 2023

Tongersdei 4 maaie 2023 wurdt it ferhaal ferteld fan de fersets-groep dy’t 12 april 1945 de Dútske trein mei 150 ton munysje by Greonterp ûntspoare en ûntploffe liet.
Mar ek oer de gefolgen foar in ta de dea feroardielde fersetsman, dy’t dochs wer frij kaam en dat dit doe - en noch altyd - grutte yndruk makke hat op de húshâlding.

Programma tongersdei 4 maaie 2023
18.00 oere graach thús de flagge healstôk


19.00 oere Sammelje by famylje Tjalma, De Ryp 5, Greonterp (kom by foarkar op de fyts)
o Stille tocht nei de pleats fan Sjoerd en Jacobine Brandsma-Postma
o Fanfare spilet koralen
o Foardracht Aldegeaster jongerein
o Frou de Jong en frou Westra fan De Gaastmar fertelle hoe’t se de oarloch as bern fan tichtby meimakke hawwe.
o ‘Crimson Tide’ troch de Fanfare
o Krâns- en blomlizzingen


19.58 oere Last Post


o 20.00 oere 2 minuten stil
o Wilhelmus en Frysk Folksliet


19 april, 2023 | 21:49 | Hits: 195

Terug
Deadebetinking 2023 (Aangepast).jpg