×

Nieuws

Deadebetinking Blauhûs

Woansdei 4 maaie betinke we de minsken dy’t harren libben jûn hawwe foar ús frijheid. 
Dit jier steane we ek stil by it goede wurk fan de ‘Zusters van de Voorzienigheid’. Sy hawwe yn oarlochstiid leafdefol evakuees opfongen. Ienfâld, beskieden en gastfrij wiene harren deugden.


Programma woansdei 4 maaie 2022

18.00 oere graach thús de flagge healstôk

19.15 oere Sammelje op it plein by de Sint Vitustsjerke

  • Stille tocht nei it houten byld fan de suster by It Teatskehûs
  • Fanfare spilet koralen
  • Ida Hylkema, koarte ynlieding oer de susters
  • Pastor Lucas Foekema, taspraak en krânslizzing
  • Blomlizzing en earegroet feteranen
  • Krâns en blommen Teatskehûs, Doarpsbelang, bern en elts dy’t dat wol

19.58 oere Last Post

  • 20.00 oere 2 minuten stil
  • Wilhelmus en Frysk Folksliet

20.15 oere yn it Atrium fan it Teatskehûs

  • Untfangst mei kofje en tee
  • Lêzing troch Ida Hylkema ‘De Voorzienigheid yn oarlochstiid’. Oer it goede wurk fan de susters yn 40-45 yn it Blauhúster Sint Theresiahuis.

Deadebetinking woansdei 4 maaie 2022

Mei tank oan Ida Hylkema, de kongregaasje Zusters van de Voorzienigheid, Fanfare Blauwhuis, Teatskehús, pastor Lucas Foekema, feteranen, Doarpsbelang Blauhûs, Stichting Jeugdhûs Sie-Sa en de Gemeente Súdwest-Fryslân.

4 maaie komitee Blauhûs


18 april, 2022 | 08:32 | Hits: 123

Terug