×

Freonskipsfeest

Freonskipsfeest

Nei dizze simmer wêryn Blauhús in oantal grutte feesten misse moast, hat ‘It Blauhúster Skûtsje’ yn oerlis mei de lokaasjeried fan de St. Vitustsjerke it foarnimmen om op 12 septimber in feestjûn foar it hiele doarp te organisearen. It is dan it wykein fan de ‘open monumentendag’ en dêr slút in feestjûn dy foar-elkoar en mei-elkoar bedoeld is, prachtich by oan. Oerdei is de tsjerke iepen en binne der aktiviteiten rûnom it gebou en jûns is de tún iepen foar elk dy’t mekoar graach wer ris treffe wol.

Mei in moai stikje muzyk fan de 4B’s der by, in slokje, in praatsje en wat âlderwetsk fertier meielkoar op’e dûnsflier krije we de jûn fêst wol om. We hoopje dat we yn septimber aardich mear frijheid hawwe as no en dat it allegear trochgean kin, we hâlde jo op’e hichte. Foarearst sizze we yn alle gefal: WOLKOM!


24 mei, 2020 | 14:03 | Hits: 127

Terug
De Freonskip.gif