×

“Huizinga Kroniek”

“Huizinga Kroniek”

Yn it foarige berjocht oer de “Huizinga Kroniek” ha wy jimme tasein, dat as der mear bekend wêze soe wy it jimme witte litte soene. Der is foar Blauhûs, en fiere omkriten, wol nijs te melden oer dit unike projekt mei histoaryske wearde. De parse hearde wêr wy mei dwaande wiene en noege ús út foar in ynterview. Dat is ûnderwilens west. Op tiisdei 17 septimber sil it earste eksimplaar oanbean wurde oan wethâlder Henk de Boer fan de gemeente SWF.

 

De presintaasje fan it boek de “Huizinga Kroniek” is op sneon 5 oktober om 14.00 oere yn “De Freonskip”. Wy hoopje dizze middei op in protte belangstelling. Famylje, Blauhústers en belangstellenden. Wy nimme jimme dy middeis mei nei it ûntstean fan dit unike projekt. We geane werom nei plakken dêr’t de foarâlden harren yn it swit wurke ha om te oerlibjen ûnder ferskate rezjyms en tsjerkeautoriteiten. De Nederlânske corrector fertelt ús hoe’t se de autentisiteit fan de ferhalen wist te behâlden.

 

Foar alle dúdlikens noch in koarte útlis: Fan 1891 oant 1940 wenne en buorke Petrus Meindert Huizinga (Piet) op de Kië yn Greonterp. Piet Huizinga, ferstoarn yn 1958, liet in grutte samling hân skreane bondels en deiboeken nei oan syn alve bern. Uteinlik kaam dizze unike samling ferhalen by syn bernsbern telâne. Se seagen de wearde fan de ferhalen en woene it net ferlern gean litten. In kronykteam is doe foarme en sy ha it inisjatyf nommen om it sammele wurk fan Piet Huizinga oer te setten, te bewurkjen en te bondeljen ta in lêsbere kronyk.

 

Wy hoopje dit unike projekt op in feestlike wize yn “De Freonskip” ôfslute te kinnen.

 

Ut namme fan it kronykteam,

Pyt Bouwhuis


11 september, 2024 | 16:26 | Hits: 78

Terug
Huizinga kroniek, 2.png