Iepenloftspul
De Stichting Lokaasjeteater Blauhús organisearret dizze simmer wer in iepenloftspul; dit kear ynspirearre op de Vinea Domini sylkampen dy’t lange tiid op en by de Blauhúster Puollen organisearre binne.
(Foto’s) Yn 1959 namen de paters Augustijnen út Wytmarsum it inisjatyf ‘aktive fakânsjes foar katholike jongerein’ te organisearen. It binne sylfakânsjes wurden; nei in lange syktocht troch de wetterrike Súdwesthoeke fûnen de pater domicilie oan de Blauhúster Puollen by Greonterp.
Elke simmer meldden hûnderten jongerein út it hiele lân harre oan, meinamme út Braban en Limburch, se belibben hjir in avontuurlike aktive fakânje. Der ûntstiene freonskippen en relaasjes foar it libben. It script fan ‘Vinea Domini’ (Wijngaard des Heren) is bassearre op persoanlike ferhalen fan dielnimmers, ynstrukteurs en lieding en foarfallen út de jierren ’60 rûnom dizze legendaryslke sylkampen.
De Frysk – Nederlânske foarstelling wurdt op de oarspronklike lokaasje spile, oan ‘It Fliet’ by Greonterp. Ein 2019 binne de 30 rollen ferdield en ûndertusken binne de repetysje starten. It bestjoer makket mei koarten de definitive spyldagen en kaartferkeap bekend.
Terug