×

Nieuws

Koekaksje - KORONA EDYSJE

Goeie allegear,


Jim ha yn't foarjier fan it lêst fan ús heart. De blomkaksje ha we doe annuleare en de donateursaksje útstelt. Eltsenien hie hoopt dat it koronafirus rûn dizze tiid wer 'fuort' wêze soe, mar it liket dat we der noch wol efkes yn sitte.


Dêrom ha we de keuze makke om de koekaksje op in Korona-proof wize wol trochgean te litten!


Help de klubs de Korona troch! Dit jier ha we wer hearlike sûkerkoeke fan Bakkerij Popma te keap!


Hoe't it wurket:

  1. Jou úterlik sneon 17 oktober jo bestelling troch. Dat kin fia de mail, as reaksje op ús Facebook-berjocht of fia Whats'App nei ien fan it SAC-bestjoer.
  2. Lit ús efkes witte hoe't jo betelje wolle. Ús foarkeur giet út nei in Tikkie/oerboeke fia de bank, mar it mei ek gepast kontant yn in slúf bij ien fan ús troch de doar.
  3. Op sneon 31 oktober wurde jo bestelde koeken bij jo oan de doar brocht.

De latten sûkerkoeke sitte per 2 ferpakt yn in pûdsje. De priis fan 1 pûdsje is € 3,-, en.... we ha de aksje: 4 foar € 10,-!


Dêrnêst wolle we jimme witte litte dat we de Gezinssportdei 2.0 earst wer útstelt ha. Dizze stie foar jannewaris '21 yn'e aginda, mar mei de ûnwisse situaasje sa as dy no is, it is organisearje gjin dwaan. We fine dit self ek o sa jammer. Ideeën en suggestjes oer dizze dei binnen noch altyd wolkom fia de mail.


We hoopje op dizze wize dochs noch wat jild foar de klubs op te helje, en sjogge graach jo bestelling ferskinen!

 

Groeten fan it SAC bestjoer

Terug