×

Merke keatsen 2023

Merke keatsen 2023

Mei lykas ferline jier 20 partoer op de list, wie der wer in protte dielname oan de merke partij! Dat it keatsen libbet by de leden fan keatsferiening De Seare Hân en merkegangers is wol dúdlik. Leuk om te sjen dat der safolle animo is. Dan gean we noch foarby oan it feit dat der op deselde dei ek noch genôch oare saken te dwaan wienen mei ûnder oare it skûtsjesilen. We meie hast wol nei tinken gean oer in tredde fjild. Oer de fjilden sprutsen, we wolle fia dizze wei de frijwilligers dy’t moarns holpen hawwe mei it lizzen fan de fjilden (Durk en Ids Walsma en Gerard Popma) nochris betankje. We koene troch jimme help al betiid oan de kofje.


Fol entûsjasme waard mei prachtich sportwaar starten mei de earste omloop. Yn de earste omloop wiene de measte partoeren oan inoar weage, der wiene net folle dikke útslaggen. Nei de earste omloop sloech it waar om. Dikke drippen reinwetter kamen der op it keatsfjild del. Taskôgers sochten snel it droech plakje mar de keatsers moasten troch. Op ien partij nei wiene de partijen fluch út yn de twadde ronde. De partoeren fan Gerardus TvS, Jaring Rijpma, Arjen Bogaard en One Rijpkema, Anke Pijl, Lamkje Brandsma fermakken harren poerbêst yn it reinwetter en makken der mar 5-5 6-6 fan! Hjirnei moasten we snel troch keatse omdat der mooglik ûnwaar op komst wie. 


Omdat it reinwetter noch hieltyd mei bakken út de loft kaam sochten alle keatsers dy’t der ôfslein wiene in plakje yn de kantine fan de fuotbalklup. De ruten wiene oan de binnenkant fan de kantine aardich beslein sa dat it keatsen net mear echt folge wurde koe. Gelokkich wie it reinfront foarby doe’t wy oan de finales ta wienen en koe eltsenien om it fjild hinne de keatsers oan te moedigjen. Yn de ferliezersronde wie partoer 18 mei Gerardus TvS, Jaring Rijpma en Arjen Bogaard mei 5-3 6-6 te sterk foar partoer 12 mei Remco Adema, Anneke Zeinstra en Nynke Brouwer. De finale om de krânsen gie tusken partoer 1 mei Pieter de Jong, Marrit de Jong en Sybren Heins en partoer 16 mei Jelle Bakker, Ciska Bruinsma en Domien Witteveen. Yn dizze finale wie it partoer fan Pieter, Marrit en Sybren de winnaar mei 5-2 6-4.


Ûndanks it minne waar kinne we weromsjen om it sportive en gesellige dei. We wolle eltsenien betankje foar syn dielname en hope jimme takom jier wer te sjen. Dan hope we ek wer op moai waar en in protte taskôgers!

 

Oant sjen,

De merke keatskommisje.


3 september, 2023 | 12:50 | Hits: 180

Terug
Alle priiswinners (Aangepast).jpg