×

Merkekeatsen 2021

Merkekeatsen 2021

Foarich jier troch Korona gjin merke-keatsen. Dit jier hiene jimme der allegearre mar wer wakker sin oan: 18 partoer op de list! We hawwe efkes oer it waar ynsitten nei tongersdei (de buienradar sit der elk altyd neist) mar it koe eins net better. It wie prachtich moai merke keatswaar.

Om iets oer 10 oere koe elkenien fanatyk los. It spultsje waard troch de net-keatsers al snel begrepen wêrtroch it fanatisme allinne mar omheech gong. Wy hoopje dat we inkele dielnimmers folgjend jier ek op it keatsfjild yn Wolsum wer werom sjogge!

Yn de earste wedstriden siet it soad spanning. Nei twa omlopen wiene enkele partoeren letterlik en figuerlik útkeast. Op de 3e en 4e list wiene de partijen al wat koarter dan yn de earste omlopen. Run healwei fjouweren wiene we ta oan de finales. Yn de ferliezersfinale wiene Rianne, Harmen en Wypke te sterk foar Bauke, One en Thea (5-3, 6-2). De finale om de krânsen gie tusken it partoer fan Hidzer, Yme en Bernard en it partoer fan Menno (Galema), Johan en Tiemen. Yn dizze finale wiene Menno, Johan en Tiemen de sterkste (5-2, 6-2). Se hawwe der fiif (!) kear keatse foar moaten mar dit partoer wie úteinlik de terjochte winner fan de dei!

We wolle jimme allegearre hartstikke bedanke foar de sportive dei en hope we takom jier noch mear partoer op de list hawwe!

Terug
merkekeatsen3.jpg