×

Merkekeatspartij 2019

Merkekeatspartij 2019

Mei 13 partoer op de list, in prachtich meant fjild en in gau omheech rinnende termometer waard tongersdei 22 augustus starten mei de merke keatspartij 2019. Wat in waar! Yn de earste omloop wie de striid drekst fanatyk. Dochs is der geregeld in drinkpauze hâlden om it spultsje oan de net-keatsers út te lizzen. Hulde! Wy hoopje dan ek om in soad fan dizze net-keatsers folgjend jier by de keatsklup aktyf te sjen, oan talint gjin gebrek.
Nei in kopke sop, in broadsje knack en foar sommigen lang wachtsjen yn de brânende sinne, gie nei de middei de twadde omloop los. Mei in soad earsten op 6-6 is der oer it algemien spannend keatst. Al wie it foar sommigen ek gjin skande om nei twa partijen oan in gleske bier begjinne te kinnen.
Oan it ein fan de dei wiene yn de ferliezers finale Rianne, Klaas en Marije te sterk foar Freerkje, Meinse en Sjoerd (5-1, 6-4). De finale om de krânsen gie tusken it partoer fan Auke-Geart, Jelke en Ciska en it partoer fan Johannes, Klaas en Linde. It waard in tige spannende finale wer Auke Geart, Jelke en Ciska yn it lêste earst de oerwinning binnen hellen.
We kinnen weromsjen op in geweldich sportive dei! No allegearre bekomme fan it wykein en oant takom (keats)jier.

1) Jelle Bakker, Afke Rijpma, Harm van der Meulen [5-4 / 6-4] 2) Sigrid de Jong, Bernard Kroon, Hidde Popma
3) Herman TvS, Bennie Zeilmaker, Irini Gaitanis [5-2 / 6-4] 4) Wiebren Joustra, Amarins Popma, Fardau de Jong
5) Simon Dijkstra, Ciska Bruinsma, Lamkje Brandsma [2-5 / 4-6] 6) Tjitske Galama, Yme Overwijk, Liesbeth Rijpma
7) Johannes Popma, Klaas Bakker, Linde Gietema [5-3 / 6-0] 8) Remco Adema, Durk Walsma, Minke Witteveen
9) Rianne de Jong, Klaas vd Meulen, Marije TvS [5-5 / 2-6] 10) Jimte Bootsma, Harmen Ettema, Folkert Ruurd Kuipers
11) Auke Geart Ybema, Jelke Bootsma, Ciska Rijpma ]5-2 / 6-6] 12)Freerkje Hoeke, Meinse Galama, Sjoerd Heins
13) Ids Walsma, Boukje Brouwer, Klaas Rijpkema

Twadde omloop


Winners


13) Ids Walsma, Boukje Brouwer, Klaas Rijpkema 1-5 / 6-6 1) Jelle Bakker, Afke Rijpma, Harm van der Meulen
3) Herman TvS, Bennie Zeilmaker, Irini Gaitanis 5-5 / 6-4 6) Tjitske Galama, Yme Overwijk, Liesbeth Rijpma
7) Johannes Popma, Klaas Bakker, Linde Gietema 5-5 / 6-2 10) Jimte Bootsma, Harmen Ettema, Folkert Ruurd Kuipers
11) Auke Geart Ybema, Jelke Bootsma, Ciska Rijpma

Ferliezers


13) Ids Walsma, Boukje Brouwer, Klaas Rijpkema [5-2 / 6-2] 2) Sigrid de Jong, Bernard Kroon, Hidde Popma
4) Wiebren Joustra, Amarins Popma, Fardau de Jong [1-5 / 6-6] 5) Simon Dijkstra, Ciska Bruinsma, Lamkje Brandsma
8) Remco Adema, Durk Walsma, Minke Witteveen [3-5 / 6-6] 9) Rianne de Jong, Klaas vd Meulen, Marije TvS
12)Freerkje Hoeke, Meinse Galama, Sjoerd Heins

Tredde omloop


Winners


11) Auke Geart Ybema, Jelke Bootsma, Ciska Rijpma [5-4 / 6-6] 1) Jelle Bakker, Afke Rijpma, Harm van der Meulen
3)Herman TvS, Bennie Zeilmaker, Irini Gaitanis [2-5 / 4-6] 7) Johannes Popma, Klaas Bakker, Linde Gietema

Ferliezers


12)Freerkje Hoeke, Meinse Galama, Sjoerd Heins [5-5 / 6-4] 13) Ids Walsma, Boukje Brouwer, Klaas Rijpkema
5)Simon Dijkstra, Ciska Bruinsma, Lamkje Brandsma [3-5 / 2-6] 9) Rianne de Jong, Klaas vd Meulen, Marije TvS

Finales


Winners


11) Auke Geart Ybema, Jelke Bootsma, Ciska Rijpma [5-5 / 6-2] 7) Johannes Popma, Klaas Bakker, Linde Gietema

Ferliezers


9)Rianne de Jong, Klaas vd Meulen, Marije TvS [5-1 / 6-4] 12) Freerkje Hoeke, Meinse Galama, Sjoerd Heins

Terug
merkekeatsen.jpg