×

Oaljekoekeaksje

Oaljekoekeaksje

Oaljekoekeaksje!

Freed 31 desimber is it wer tiid foar de jierlikse oaljekoekeaksje! Ek dizze aksje moat dit jier oars as foarhinne, mar dêr binne we hast oan went. Om wis te wêzen fan jo en ús feiligens, komme wy nét by jo oan de doar te sútelje mar kinne jo jo bestelling fan te foaren oan ús trochjaan. Op âldjiersdei wurde de hearlike oaljekoeken fan 9 oere moarns ôf by jo thús brocht! 

Jo kinne kieze út naturel oaljekoeken (6 yn in pûdsje) of mei in smaakje (krinten, appel of ananas, 5 yn in pûdsje). Kosten: €3,- it pûdsje. 

 

Jo bestelling trochjaan kin, úterlik tongersdei 23 desimber, op ûndersteande wizen: 

Fia ûndersteand strookje. Ynleverje kin bij Sietie Bruinsma (Dykslân 12), Jan Dooper (Sylroede 33) of Marrit v/d Meer (Gerben Rypmastrjitte 17). 
Mail nei sacblauwhuis@hotmail.com. Meld hjir yn jo adres, de bestelling en hoe’t jo betelje wolle. 
Berjochtje fia Whatsapp nei Jan (06-29166910), Johan (06-57014942) of Marrit (06-19661067), meld hjir yn jo adres, de bestelling en hoe’t jo betelje wolle. 

BESTEL UTERLIK TONGERSDEI 23 DESIMBER!  

Bestelstrookje: 

Namme: ____________________________________________________________________ 

Adres: ______________________________________________________________________ 

Bestelling, ful yn:
Naturel: ………. pûdsjes à 6 stiks                                Ananas: ……… pûdsjes à 5 stiks 

Appel: ………..  pûdsjes à 5 stiks                                 Krinten: ………. pûdsjes à 5 stiks 

Totaalbedrach: ……. x € 3,00 = € …………… 

Hoe wolle jo betelje: 

Kontant yn in slúf bij ien fan ús troch de bus 
Sels oerboeke nei NL95RABO 0308 7329 52 t.n.f. Sport Actie Commissie Blauhús û.f.f. jo namme. 
In “Tikkie” ûntfange, jo mobiele nummer: ………………………………………….. 
Ynleverje op de Dykslân 12, Sylroede 33 of Gerben Rypmastrjitte 17.  

Tige tank en oant gau!

Terug
oliebol.jpg