Omrop Fryslân komt nei Blauhús!
Oankommende tiisdei is Omrop Fryslân mei it programma Simmer yn Fryslan de hiele dei yn Blauhús.
We begjinne om 8:15 mei in petear mei Acronius Ettema fan it doarpsbelang.
Yn de loop fan de dei komme de petearen mei ûnder oaren Jappie Zeinstra, Mariska Rypkema fan Siesa, Tjalling Brouwer foar de Blauhúster Merke en de Fokdei fan it Fryske hynder oan de oarder. Baukje Brouwer en Domien Witteveen sille wat oer de jeugdketen fertelle.
Mei de filmploech sille we begjinne by it hynderke op it krúspunt en dernei fierder mei oandacht foar it Túnfeest, de skoalle en de histoarje fan it sylkamp fan Vinea Domini, wêr ek it iepenloftspul oan de oarder komme sil.
Wêr it tema "kom der mar yn" plak fine sil is noch een ferrassing.
Der sille ek wol strjitte-opnamen makke wurde.
De dei wurdt ôfsluten mei in optreden fan de Swalkers.
We hoopje op in moaie dei wêr't elkenien útnûge wurdt dit te folgjen op radio en telefyzje.
Graach oant tiisdei.
Dan noch in ekstra oprop: hingje allegear de flagge út op tiisdei 17 augustus!
Sjoch op: https://www.omropfryslan.nl/doarpen.
Terug