×

SAC Sportdei sneon 11 jannewaris 2025

SAC Sportdei sneon 11 jannewaris 2025

Yn jannewaris op’e nij de SAC Sportdei yn’e Singel wêze! Dizze stiet plant op sneon 11 jannewaris. De basisskoallebern binne fan 14:00 oere ôf wolkom foar in sportive middei. Heiten en memmen, pakes en beppes, kom te sjen!
Foar elkenien dy’t de basisskoalle ferlitten hat ha we jûns wer in aktyf en gesellich programma opsetten. Dit start fan 19:00 oere ôf yn de foarm fan in mearkamp. Jou jim op per team fan 4 persoanen. Ha jo gjin team, jou jo dan allinnich op, en foarmje wy in team. De jûn wurd ôfsluten mei in priisútrikking, lotterij en fansels in neisit. Binne jo net sa’n sporter; kom dan te sjen!
Opjaan kin fia ûndersteand strookje, fia sacblauwhuis@hotmail.com of in Whatsappke.

 

JOU JIM ÚTERLIK 1 JANNEWARIS OP!

Opjêfte SAC  Sportdei sneon 11 jannewaris 2025 yn’e Sportseal De Singel:


11 december, 2024 | 12:12 | Hits: 30

Terug
Logo SAC (Aangepast).jpg