SAC blomkesaksje
Goeie allegear,
Nei 2 jier gjin blomkesaksje, sil it dit jier wer wêze!
SAC blomkesaksje moandei 25 april 2022. Middeis kinne jo lâns komme om jo blomkes út te sykje, op de v/d Looswei 15 by famylje Dooper. Eltsenien is dêr wolkom yn’e loads om blomkes te keapjen sadat je alle keus ha. At jo blomkes kocht ha wurde jo fan de list ôfstreept, sadat we jûns net mear bij jo oan’e doar komme.
Jûns fan 19 oere ôf is der noch ferkeap lâns de doarren foar de minsken dy’t middeis net del komme koene, mar OP=OP!
Dit kinne wy fansels net allinich, wa wol ús jûns helpe te ferkeapje? Jou dy op by Baukje Brouwer (06-15174228). Nim dyn kroade as karre mei!
Oant de 25e!
Groetnis fan it SAC
9 april, 2022 | 14:49 | Hits: 138
Terug