×

Sint Martinus 2020

Sint Martinus 2020

Alwer in primeur, mar dan fan it soart dat we leaver net ha soene. It bernefeest fan 11 novimber hat in karakter fan doar nei doar en krekt dat liket ús (Doarpsbelang en skoalle) fan’t jier net ferstandich om te dwaan. We kinne ús ek foarstelle dat minsken har der ûngemaklik by fiele en it kin samar wêze dat de doar ticht bliuwt.

It wol of net meidwaan bliuwt fansels eigen ferantwurdlikheid fan elk sels. Foar minsken dy’t der foar kieze om wol der op út te gean op 11 novimber binne hjir de regels dy’t SWF foarskriuwt: SWF publicatie sint maarten.

Lykas yn dit berjocht stiet, freegje wy begrip foar minsken dy’t de doar net iepen dwaan wolle.

We fine it ferskriklik spitich dat der fan’t jier net gewoan feestfierd wurde kin. Krekt no binne ljochtpuntsjes sa wichtich en is it fan belang om de fleur der wat yn te hâlden. De bern meitsje op skoalle in moaie lampion en we tinke mei oer hoe’t we der toch wat feestliks fan meitsje kinne.

 

----------------------

Alweer een primeur, maar dan van het soort dat we liever niet hebben. Het kinderfeest van 11 november heeft het karakter om van deur naar deur te lopen en dat lijkt ons (dorpsbelang en school) dit jaar niet verstandig. We kunnen ons ook voorstellen dat mensen zich er ongemakkelijk bij voelen als er zoveel kinderen langs hun deur komen en het zou dus ook zomaar kunnen zijn de deur dicht blijft (uit gezondheidsoverweging).

Het wel of niet meedoen blijft natuurlijk eigen verantwoordelijkheid voor iedereen. Voor mensen die er voor kiezen om er wel op uit te gaan op 11 november zijn hier de regels van de gemeente Súdwest-Fryslân voorschrijft: SWF publicatie sint maarten.

We vinden het erg jammer dat er dit jaar niet gewoon feest gevierd kan worden. Net nu lichtpuntjes zo belangrijk zijn en het belangrijk is om de boel een beetje fleurig te houden. De kinderen maken op school een mooie lampion en we denken nog na hoe we het toch nog feestelijk kunnen maken.


1 november, 2020 | 19:53 | Hits: 148

Terug
sintmaarten.jpg