Virus-een-feestje
Blauhús, bekend as feestfierend doarp, wit sels mei in virus in feestje te meitsjen. Sneintemiddei kaam it duo 'Vier-us 'n feestje' foar riden by it Teatskehús om foar de âlderein achter de ruten in lyts muzikaal feestje te bouwen. Dat wie dizze mannen, doarspstroubaboer Sjoerd Huitema en sanger Johannes Rypma wol tafertroud.
Minsken dy't lâns kuieren of fytsen op dizze sinneskyn sneintemiddei, bleauwen fansels even stilstean. Sa kaam der al gau op en om it krúspunt wat publyk dy't út elkoar, mar toch byelkoar in noatsje mei pakten.
Achter de ruten fan it Teatskehús waard ek feestfierd. Pake/omke Johannes Rypma en tante Elly Hobma-Rypma hiene in plakje fûn by it iepen finster fan de resepsje wêr't sy de stroomkabel fan de sangers nei binnen helle hienen. Sy hiene dêr moai de romte om wat mei de sjongen en te dûnsjen.
Terug