×

Nieuws

Winterjûne Ferhalen

Blauhús hâldt tradysje fan Winterjûne Ferhalen yn eare

Freed 24 jannewaris oan it ein fan de middei organisearret de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús wer in oerke Ferhalen Fertelle yn kafee de Freonskip. Krekt as foargeande jierren fertelle doarpsgenoaten nijsgjirrige ferhalen ‘út it libben’. 

  • Johan van der Meer is mêstemakker en fertelt hoe’t ‘r troch boatsjefarre yn dit bysûndere berop bedarre is.
  • Tjitte Bouwhuis draacht twa folksferhalen foar: oer it ferpartsjen fan kij en in boer dy’t syn feint kwyt woe.
  • Magdalene Attema is liedingjaande yn soarchsintrum It Teatskehús en fûn dêr ynspiraasje.
  • Skriuwer Willem Winters is tegast en hat in ferhaal oer in Depressive Mol
  • It ferhaal fan George Foekema giet oer syn passy: de wenwein en oldtimer, fan hobby nei fekânsjewille.

Ferhalen Fertelle, ek wol Winterjûnenocht neamd, wie yn Blauhús in iuw lyn ek al tradysje. As dan de bruorren Jehannes en Gerben Rypma of koster Yde Bleeker optreedden, wie it altyd folle bak yn it kafee. 

Dizze tradysje wurdt no fuortsetten, in oerke en dan is it wer dien. Mei de neisit is der gelegenheid foar mear sterke ferhalen.

Ferhalen Fertelle

Freed 24 jannewaris, 17:00 - 18:00 oere Kafee de Freonskip Blauhús
Tagong fergees | Organisaasje Gerben Rypma Stifting


21 januari, 2020 | 19:00 | Hits: 116

Terug