×

oaljekoekeaksje

oaljekoekeaksje

Tongersdei 31 desimber is it wer tiid foar de jierlikse oaljekoekeaksje! Ek dizze aksje moat dit jier oars as dat jo fan ús went binne. Om wis te wêzen fan jo en ús feiligens, komme wy nét by jo oan de doar te sútelje. Jo kinne jo bestelling fan te foaren oan ús trochjaan. Op âldjiersdei wurde de hearlike oaljekoeken fan 9 oere moarns ôf by jo thús brocht!

Jo kinne kieze út naturel oaljekoeken (6 yn in pûdsje) of mei in smaakje (krinten, appel of ananas, 5 yn in pûdsje). Kosten: €3,- it pûdsje.

Jo bestelling trochjaan kin, úterlik sneon 12 desimber, op ûndersteande wizen:

  • Fia it strookje ûnderoan de flyer dy't binnekoart by jo troch de brievenbus komt. Ynleverje kin bij Sietie Bruinsma (Dykslân 12), Jan Dooper (Sylroede 33) of Marrit v/d Meer (Gerben Rypmstrjitte 17). 
  • Mail nei sacblauwhuis@hotmail.com. Meld hjir yn jo adres, de bestelling en hoe’t jo betelje wolle. 
  • Berjochtje fia Whatsapp nei ien fan it bestjoer, meld hjir yn jo adres, de bestelling en hoe’t jo betelje wolle.

BESTEL UTERLIK 12 DESIMBER!


Groeten fan it SAC bestjoer,

Baukje Brouwer (06-15174228), Sietie Bruinsma (06-21948153), Johan Overwijk (06-57014942), Jan Dooper (06-29166910), Johannes Popma (06-15356116), Marrit van der Meer (06-19661067)


sacblauwhuis@hotmail.com

Terug
olie1.jpg