×

Oaljekoeke-aksje SAC

Oaljekoeke-aksje SAC

Sneon 30 desimber is it wer tiid foar de jierlikse oaljekoekeaksje!
Let op: dit jier dus net op âldjiersdei (snein 31 desimber), mar op sneon de 30e!

Jou jo bestelling uterlik 16 desimber oan us troch.

Op sneon 30 desimber wurde de oaljekoeken fan 9 oere moarns ôf by jo thús brocht! Jo kinne kieze út naturel oaljekoeken (6 per pûdsje) of mei in smaakje (krinten, appel of ananas, 5 per pûdsje).

Kosten: €3,50 it pûdsje, 3 pûdsjes foar €10,00.

Jo bestelling trochjaan kin op ûndersteande wizen:

·      Lever ûndersteand strookje yn op de Dykslân 12, Sylroede 33 of G. Rypmastrjitte 17.

·      Mail nei sacblauwhuis@hotmail.com.

·      Whatsapp nei Jan (06-29166910), Baukje (06-15174228) of Johannes (06-15356116).

 

BESTEL UTERLIK SNEON 16 DESIMBER!

 

Bestelstrookje oaljekoeke-aksje


23 november, 2023 | 15:05 | Hits: 92

Terug
Logo SAC (Aangepast).jpg